Beliedsplan Douwe Kalma Stifting

De Douwe Kalma Stifting wurket oan syn doel, lykas fêstlein yn it karbrief, troch publikaasjes, produksjes en eveneminten dy’t neffens it oardiel fan it bestjoer dat doel befoarderje, op oanfraach te skewielen mei in stipe.

It bestjoer komt dêrta fjouwer kear yn it jier byinoar. De ynkommen oanfragen wurde dan bepraat, en oer elke oanfraach wurdt in beslút nommen.

Bestjoersleden dy’t persoanlik of út in oare funksje wei mei ien fan ’e oanfragen anneks binne, nimme net diel oan de beslútfoarming oer de oanbelangjende oanfraach.

Ynsidinteel kin it bestjoer beslute op eigen manneboet aktiviteiten te organisearjen of publikaasjes of produksjes te publisearjen, as dêrmei it doel fan ’e stifting neffens it oardiel fan it bestjoer tsjinne wurdt en de bekendheid fan de stifting op in passende menier fergrutte.

It bestjoer stribbet dernei, it fermogen fan ’e stifting yntakt te litten, en inkeld de ynkomsten út it fermogen te brûken foar stipen en bestjoerskosten.

Dit beliedsplan is oannommen yn de bestjoersgearkomste fan 28 oktober 2013. It giet yn op 1 jannewaris 2014 en is jildich foar in perioade fan 15 jier.


Douwe Kalma Stifting, Ferwurkersregister-AVG.pdf